Otto Cordes (Magdeburg, 31 augustus 1905 - São Paulo Brazylje, 24 desimber 1970) wie in Dútsk wetterpoloër.

Hy die twa kear mei oan de Olympyske Simmerspullen (yn 1928 en 1932). Hy waard yn Amsterdam Olympysk kampioen, hy spile dat toernoai trije wedstriden en skoarde ien kear. Fjouwer jier letter yn Los Angeles spile hy fjouwer wedstriden en wûn in sulveren medalje.

Yn 1939 ferhúze Cordes foar syn wurk nei Brazylje, syn soan Burkhard Cordes die as siler mei foar Brazylje oan de Olympyske Simmerspullen fan 1968 yn Meksiko-stêd, Otto Cordes ferstoar op 24 desimber 1970, yn 'e âldens fan 65 jier.

Kategory:Dútsk wetterpoloër Kategory:Dútsk Olympysk kampioen Kategory:Persoan berne yn 1905 Kategory:Persoan stoarn yn 1970