De Lytse dwerchiisfûgel (Ceyx pusillus; synonym: Alcedo pusilla) is in fûgel út de famylje iisfûgels (Alcedinidae). In eksimplaar fan 'e nominaatfoarm waard oan 'e Tritonbaai (baie de Lobo) sammele by de ekspedysje nei Nij-Guinea yn 1828 en yn 1836 troch Coenraad Jacob Temminck beskreaun.

Beskriuwing Lytse dwerchiisfûgels wurde likernôch 11 sm oant 13 sm lang. It is in tige lytse iisfûgel, dy't ultramarynblau fan boppe en sniewyt fan ûnder is. Se ha in wyt plakje op 'e foarholle en in wite plak op 'e hals. De snaffel fan 'e soarte is swart en de fûgel hat donkerbrune poatsjes. De lytse dwerchiisfûgel is ien fan 'e lytste iisfûgelsoarten; allinne de Afrikaanske dwerchiisfûgel út it skaai pygmee-iisfûgels (Ispidina) is noch lytser.

Fersprieding en leefgebiet Lytse dwerchiisfûgels libje fan 'e Molukken oant de Salomonseilannen en noardlik Austraalje. Fan 'e soarte binne njoggen ûndersoarten bekend:

Ceyx pusillus pusillus – komt foar op Nij-Guineä, Kai, Arû, Torresstrjitte-eilannen, de eilannen foar de kust fan Westlik Nieuw-Guinea en it noardeasten fan Kaap York-skiereilân Ceyx pusillus laetior – noardlik Nij-Guineä (fan 'e Golf fan Irian oant de Astrolabe Bay) Ceyx pusillus ramsayi – kustgebiet noardlik Austraalje (Anson Bay oant it westen fan Kaap York-skiereilân) Ceyx pusillus halli – noardeastlik Austraalje (kustgebiet noardeasten fan Queensland en Hinchinbrook Island) Ceyx pusillus masauji – Bismarckarsjipel (New Britain, New Ireland och New Hanover) Ceyx pusillus bougainvillei – Salomonseilannen (Bougainville, Santa Isabel och Choiseul) Ceyx pusillus halmaherae – Halmahera, Obi, Ternate en Batjan Ceyx pusillus richardsi – Sintrale gebieten Salomoneilannen tusken Vella Lavella en Vangunu Ceyx pusillus aolae – bekend fan it eksimplaat út Guadalcanal

It leefgebiet bestiet út mangroves, swierwetter sompbosken en reinwâld by beken en dobben. Yn Melaneezje komt de soarte allinne yn kustgebieten foar; yn Austraalje ek fierder it lân yn. It iten bestiet út lytse fiskjes en wringeleaze wetterdierkes.

Status De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en dêrfandinne is de kâns op útstjerren lyts. It is net bekend hoe grut te wrâldpopulaasje is. Meidat in soad mangrovebosken ferneatige wurde, nimt ek it leefgebiet fan 'e soarte ôf. Oannommen wurdt dat de efterútgong fan 'e soarte minder as 30% yn tsien jier is en sadwaande wurdt de fûgel as net bedrige op 'e Reade list fan ' e IUCN klassifisearre.

Keppeling om utens Birdlife Ebird Avibase

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Dwerchiisfûgel Kategory:Lânseigen fauna yn Austraalje Kategory:Lânseigen fauna yn Yndoneezje Kategory:Lânseigen fauna yn Papoea Nij-Guineä Kategory:Lânseigen fauna yn de Salomonseilannen