De Loenderveense Molen is in poldermûne by Loenen aan de Vecht yn 'e provinsje Utert.
Skiednis Om't troch beklinking fan it fean in natuerlike wetterloazing fan it polderwetter op 'e Fecht net mear gie, rekke de grûn fan it gebiet sompich. Amsterdamske keaplju kochten de weardeloaze grûn op en lieten in mûne bouwe om it gebiet drûch te meallen en dêrnei as goede lânbougrûn te ferkeapjen. De yn 1652 boude mûne wie eartiids in binnenkruier, itjinge te sjen is oan 'e foarse kape fan 'e mûne. Letter waard de sturt tafoege en it kruirêd yn 'e kape ferwidere.
Yn 1903 moast de mûne tydlik fan 't plak helle wurde foar de fernijing fan 'e fundearring.
Sûnt 1990 is de Stifting De Utertske Mûnen eigner fan 'e mûne, dy't hjoed-de-dei ferbûn is mei It Utertsk Gea. Frijwilligers litte de mûne regelmjittich draaie.
Beskriuwing De roeden fan 'e mûne binne hast 26 m lang en ha it fokwjuksysteem mei silen.
Keppeling om utens Mûnedatabase. Fer. De Hollânske Mûne.
Kategory:Bouwurk yn Stichtske Fecht Kategory:Ryksmonumint yn Utert (provinsje) Kategory:Mole yn Utert (provinsje) Kategory:Muonts (mole) Kategory:Poldermole Kategory:Bouwurk út 1652