Antonia Leonharda Margaretha Maria (Toni) Arens-Tepe (Utert, 10 juny 1883 – Haarlim, 8 july 1947) wie in Nederlânske fotograaf.
Libben en wurk Arens-Tepe wie in dochter fan Jeanette Habets (Aken, 26 juny 1850 – Haarlim, 1 oktober 1932) en letterkundige Leo Tepe (Amsterdam, 24 july 1842 – Haarlim, 19 febrewaris 1928), dy't in broer wie fan de arsjitekt Alfred Tepe. Har neef Richard Tepe wie in wichtich natuerfotograaf.
Arens-Tepe folge in jier beropsûnderwiis oan de Kunstgewerbeschule Düsseldorf, ûnder Peter Behrens en Wilhelm Kreis, en twa jier oan de Photographische Lehranstalt fan de Lette-Verein yn Berlyn dêr't se ûnder mear les krige fan de fotograaf Karl Schenker.
Se troude op 11 oktober 1921 yn Nijmegen mei de keunstner Albertus Antonius Hermanus (Albert) Arens (Grave, 25 febrewaris 1881 – Graz, 1958). Huwelijksakte, Geldersk Argyf.RKD-profyl fan Albert Arens. Se krigen fjouwer bern.
Yn 1922 wûn Arens-Tepe mei de ynstjoering 'Camera Portraits' in fotowedstriid fan de N.V. Erven Caspar Flick.
Yn 1932 wûn se de earste priis by in oan de tentoanstelling Moeder en Kind yn de RAI yn Amsterdam ferbûne nasjonale fotowedstriid foar har fotografy. Haarlem's Dagblad 27 juni 1932. De útstalling wie organisearre fanwegen it 300 - jierrich bestean fan de Universiteit fan Amsterdam, en de Bond van Nederlandsche Amateur-Fotografen-Vereenigingen wie ferantwurdlik foar de fotowedstriid, dêr't de ynstjoeringen fan opnommen waarden yn: J. Riemens-Reurslag, Moeder en kind voor de lens (Amsterdam: Kosmos, 1932). Sjoch ek: J.A. Oldewarris, Liefde voor de Hollandse bouwkunst. Architectuur en toegepaste kunst bij Uitgeversmaatschappij Kosmos 1923-1960 (2016), Haadstik 4. Toegepaste kunst, s. 270-271. Nei tentoanstellingen yn Cambridge en Londen waard se yn 1933 beneamd ta Associate of the Royal Photographic Society of Great Britain, wat har it rjocht joech de letters 'A.R.P.S.' efter har namme te setten. 'Nederlandsche kunstenaars in den vreemde', Algemeen Handelsblad, 16 maaie 1933.
Galery
Kategory:Nederlânsk fotograaf Kategory:Persoan berne yn 1883 Kategory:Persoan stoarn yn 1947