Fritz Gunst (Hannover, 22 septimber 1908 - dêre, 9 novimber 1992) wie in Dútsk wetterpoloër.
Hy die trije kear mei oan de Olympyske Simmerspullen (yn 1928, 1932 en 1936). Hy waard yn Amsterdam Olympysk kampioen, hy spile dat toernoai trije wedstriden en skoarde ien kear. Fjouwer jier letter yn Los Angeles spile hy fjouwer wedstriden en wûn in sulveren medalje, yn Berlyn spile hy seis wedstriden en wûn foar de twadde kear in sulveren medalje. Fritz Gunst ferstoar op 9 novimber 1992, yn 'e âldens fan 84 jier.
Kategory:Dútsk wetterpoloër Kategory:Dútsk Olympysk kampioen Kategory:Persoan berne yn 1908 Kategory:Persoan stoarn yn 1992