Eugen Johan Anton Freiherr von Lotzbeck (München, 24 febrewaris 1882 - Assenhausen, 22 maaie 1942) wie in Dútske baron en hynstesporter.
Von Lotzbeck waard berne as soan fan it Beierske keizerlik riedslid Eugen von Lotzbeck en Malwina, Gravin von Reventlow. As majoar wie er learaar oan de kavalery skoalle fan de Reichswehr yn Hannover. Hy die yn 1928 ienris mei oan de Olympyske Simmerpullen. Hy waard yn Amsterdam mei syn hynder Caracalla Olympysk kampioen mei it Dútske dressuerteam.
Eugen von Lotzbeck ferstoar op 22 maaie 1942 yn 'e âldens fan 60 jier.
Kategory:Dútsk hynstesporter Kategory:Dútsk Olympysk kampioen Kategory:Dútske adel Kategory:Dútsk ofsier Kategory:Dútsk ûnderwizer Kategory:Persoan berne yn 1882 Kategory:Persoan stoarn yn 1942