Yn it gefal fan dizze útsûnderlik lange namme is ek de foarm Álvarez de Bohórquez akseptabel. José María Álvarez de las Asturias Bohorques y Goyeneche, markys fan Trujillos (Madrid, 23 maart 1895 - dêre, 27 febrewaris 1993) wie in Spaansk ealman en hynstesporter.

Hy die twa kear mei oan de Olympyske Simmerspullen (yn 1924 en 1928). Hy waard yn Amsterdam Olympysk kampioen mei it Spaanske spring team.

Hy wie nei it ferstjerren fan de Noarske siler Erik Herseth op 28 jannewaris 1993 oant syn ferstjerren de âldste libjende olympysk kampioen. José Álvarez de Bohórquez ferstoar op 27 febrewaris 1993, yn 'e âldens fan 97 jier.

Kategory:Spaansk hynstesporter Kategory:Spaansk Olympysk kampioen Kategory:Spaanske adel Kategory:Persoan berne yn 1895 Kategory:Persoan stoarn yn 1993