De Tsjerke fan Eastwâld is in protestantsk tsjerkegebou oan 'e Eastein yn it Noard-Hollânske Eastwâld (offisjeel: Oostwoud). De tsjerke foarmet mei de toer en konsistoarje in ryksmonumint.
Beskriuwing De tsjerke mei in fiifsidich koer datearret fan 1753. Oan it ein fan 'e 19e iuw waard in noardlike dwersearm oanboud, dy't lykas it haadskip ek fiifsidich sletten is. Oan 'e súdeastlike gevel betinkt in gevelstien de bou fan 'e tsjerke.
Ynterieur thumb|left|Oargel. De tsjerke hat in preekstoel út it twadde fearn fan 'e 17e iuw mei in koperen doopbekken. De koperen lessener foar de foarsjonger is 18e-iuwsk. Fierder hinget der in psalmbuordsje út 1769.
Yn 'e toer hinget in klok fan Hendricus Nieman út 1616. It mechanysk oerwurk datearret fan 1880 en krige letter elektryske opwining.
Oargel Yn 'e tsjerke stiet in twamanualich oargel fan 'e bruorren van Dam út 1874. Yn 1930 binne der in pear feroaringen oan it oargel útfierd, dy't by de restauraasje fan it oargel yn 2013 hanthavene waarden.Oargelnijs, 3 july 2013.
Keppeling om utens Disposysje oargel.
Kategory:Bouwurk yn Medemblik (gemeente) Kategory:Tsjerkegebou yn Noard-Hollân Kategory:Ryksmonumint yn Noard-Hollân Kategory:Bouwurk út 1753 Kategory:Protestantsk tsjerkegebou yn Nederlân