De lytse katten (wittenskiplike namme: Felinae) foarmje in ûnderfamylje fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), it ûnderskift fan 'e katdieren (Feliformia), de boppefamylje fan 'e echte katdieren (Feloidea) en de famylje fan 'e kateftigen (Felidae). Ta dizze ûnderfamylje hearre 34 soarten kateftigen. Dy binne, sa't de namme "lytse katten" al oanjout, oer it algemien lytser as de grutte katten (Pantherinae). It wichtichste ûnderskie is lykwols dat de lytse katten spinne kinne, mar net brulle, wylst it by de grutte katten (útsûnderings bûten beskôging litten) krekt oarsom is. De bekendste soarte lytse kat is de hûskat (Felis catus), mar ek it jachtloaihoars (Acinonyx jubatus), de poema (Puma concolor) en de ûnderskate soarten lynksen (Lynx) hearre ta dizze groep.
Taksonomy De lytse katten foarmje ien fan 'e trije ûnderfamyljes fan 'e kateftigen (Felidae), njonken de grutte katten (Pantherinae) en de útstoarne sabeltosktigers (Machairodontinae). Guon soölogen hâlde in alternative yndieling oan, wêrby't de ûnderfamylje Felinae alle echte katten omfettet, mei as tûken de grutte katten (Pantherini) en de lytse katten (Felini). Yn dy yndieling foarmje de sabeltosktigers de iennichste oare ûnderfamylje fan 'e kateftigen.
De lytse katten waarden as taksonomyske kloft yn 1817 yntrodusearre troch de Dútske biolooch Gotthelf Fischer von Waldheim. Oant dy tiid waard tocht dat alle kateftigen ta ien skaai hearden, Felis (dat no reservearre is foar de wylde katten). Yn 1917 krigen de lytse katten har hjoeddeistige yndieling trochdat doe de Ingelske taksonoom Reginald Innes Pocock foar de ta dizze ûnderfamylje hearrende soarten in klassifikaasje yn ferskate skaaien foarstelde dy't yn grutte halen no noch brûkt wurdt.
Evolúsje De lytse katten en de grutte katten (Pantherinae) spjalten har likernôch 11,5 miljoen jier lyn faninoar ôf. De ûnderskate skaaien fan 'e lytse katten ûntjoegen har tusken 10,7 en 4,2 miljoen jier lyn.
Skaaimerken De lytse katten moatte ûnderskaat wurde fan 'e grutte katten (Pantherinae), dêr't û.o. de liuw (Panthera leo), de tiger (Panthera tigris), it loaihoars (Panthera pardus) en de jagûar (Panthera onca) ta hearre. Sa't de namme al oanjout, hawwe de lytse katten yn it foarste plak in behindigere lichemsgrutte. Dat is lykwols mar relatyf, want de grutste lytse katten, it jachtloaihoars (Acinonyx jubatus) en de poema (Puma concolor), binne grutter as de lytste grutte katten, de dizepanter (Neofelis nebulosa) en de Sûndaneeske dizepanter (Neofelis diardi).
In better ûnderskie is dan ek dat by de lytse katten de strôtbal ticht by de basis fan 'e plasse oan sit trochdat de tongbonke folslein ossifisearre (ta bonke wurden) is. Dêrtroch en trochdat de stimbannen koarter as 6 mm binne, kinne lytse katten spinne. Dat fermogen hawwe grutte katten net, útsein de dizepanters en it snieloaihoars (Panthera uncia). Troch in net folslein ossifisearre tongbonke en langere stimbannen kinne grutte katten (mei deselde útsûnderings) wol brulle, dêr't de lytse katten dan wer net it fermogen ta hawwe.
Oare, mear algemien kateftige skaaimerken fan 'e lytse katten binne fiif teannen oan 'e foarpoaten en fjouwer oan 'e efterpoaten. Ek hawwe se, mei útsûndering fan it jachtloaihoars, ynlûkbere klauwen. Har eagen funksjonearje skoan by mar in hiel lyts bytsje ljocht, mar net, sa't faak tocht wurdt, yn absolút tsjuster.
Underfamylje-opbou
ûnderfamylje lytse katten (Felinae) skaai Afrikaanske goudkatten (Profelis): sûnt 2017 yndield by de karakals skaai Amerikaanske jachtloaihoarsen of Amerikaanske tsjita's (Miracinonyx) † poemajachtloaihoars (Miracinonyx inexpectatus) † trumanjachtloaihoars of Trumans jachtloaihoars (Miracinonyx trumani) † skaai goudkatten (Catopuma) Aziatyske goudkat (Catopuma temminckii) Borneogoudkat (Catopuma badia) skaai jachtloaihoarsen of tsjita's (Acinonyx) jachtloaihoars of tsjita (Acinonyx jubatus) middelgrut jachtloaihoars of middelgrutte tsjita (Acinonyx intermedia) † reuzejachtloaihoars of reuzetsjita (Acinonyx pardinensis) † skaai jagûarûndys (Herpailurus) jagûarûndy (Herpailurus yagouaroundi) skaai karakallen (Caracal) Afrikaanske goudkat (Caracal aurata, foarh. Profelis aurata) karakal (Caracal caracal) skaai lynksen (Lynx) Ibearyske lynks (Lynx pardinus) Jeraziatyske lynks (Lynx lynx) Kanadeeske lynks (Lynx canadensis) reade lynks (Lynx rufus) skaai lytse loaihoarskatten, Súdamerikaanske loaihoarskatten of pardelkatten (Leopardus) berchkat (Leopardus jacobitus) geoffroykat of Geoffroy's kat (Leopardus geoffroyi) margay (Leopardus wiedii) nachtkat (Leopardus guigna) oselot (Leopardus pardalis) pampakat of gerskat (Leopardus colocola) Pantanalkat (Leopardus colocola braccatus) súdlike tigerkat (Leopardus guttulus) tigerkat (Leopardus tigrinus) skaai loaihoarskatten (Prionailurus) Bingaalske loaihoarskat (Prionailurus bengalensis) Iriomotekat (Prionailurus bengalensis iriomotensis) fiskjende kat of fiskkat (Prionailurus viverrinus) platkopkat (Prionailurus planiceps) roastkat (Prionailurus rubiginosus) Sûndaloaihoarskat (Prionailurus javanensis) skaai moarmerkatten (Pardofelis) moarmerkat (Pardofelis marmorata) skaai pallaskatten (Otocolobus) pallaskat of manoel (Otocolobus manul) skaai poema's (Puma) poema (Puma concolor) skaai servals (Leptailurus) serval (Leptailurus serval) skaai wylde katten (Felis) Afrikaanske wylde kat (Felis lybica) hûskat (Felis catus) Jeropeeske wylde kat (Felis silvestris) moeraskat of reidkat (Felis chaus) Sineeske berchkat (Felis bieti) swartpoatkat (Felis nigripes) woastynkat of sânkat (Felis margarita)
Kategory:Kateftige