Mûne De Hoop is in achtkante stellingmûne yn it Noard-Hollânske Wervershoof (Wervershôf) yn 'e gemeente Medemblik.
Skiednis Al yn 1630 stie op it hjoeddeiske plak in mûne en dat sil in standermûne west ha. Yn alle gefallen stie der yn 1830 in boppekruier. Dy' mûne waard yn 1889 ferfongen troch de hjoeddeiske mûne, om't de âlde te lyts wie. Foar dat doel waard yn 1888 mûne nû. 3 fan 'e Binnendykske Buitenvelderspolder yn 'e doetiidske gemeente Nijer-Amstel oankocht.
Yn 1955 waard de mûne útrist mei in ynstallaasje om elektrisiteit op te wekken, mar de mûne bleau ek nôt meallen. Yn 1965 rekke de mûne syn funksje kwyt. De yn ferfal rekke mûne waard yn 1971 troch de gemeente oernommen, dy't de mûne yn 1973 restaurearre. Yn 1977 ferhierde de gemeente de mûne oan 'e stifing "Molen De Hoop Wervershoof", dy't der in goedrinnend mealbedriuw fan makke mei wol trije mûnders yn fêste tsjinst en in grutte moalproduksje. Yn 2001 gie dat bedriuw lykwols faillyt en no draait de mûne op frijwilligers.
Yn 2006 briek de as. By de ferfanging waard de stalen bânfang ferfongen troch in houten blokfang. Sûnt 2008 draait de mûne wer fannijs mei in nije as.
De mûne is sûnt april 2013 in museum oer de sportferslachjouwer Theo Koomen, dy't yn Wervershôf berne en begroeven is. De mûne tsjinnet ek as offisjele troulokaasje fan 'e gemeente.
Keppeling om utens
Mûnedatabase. Fer. De Hollânske Mûne.
Kategory:Bouwurk yn Medemblik (gemeente) Kategory:Mole yn Noard-Hollân Kategory:Stellingmole Kategory:Nôtmole Kategory:Bouwurk út 1889