thumb|Detail tagongsstek fan it hôf (1859) It Noarderbegraafplak (1822) is in algemien begraafplak yn de stêd Assen.

It plak Assen ûntstie om in kleaster hinne. De kleasterlingen waarden noardlik fan de Kleastertsjerke oan de Brink beïerdige. Fan de 17e iuw ôf oan waarden dêr ek boargers te hôf brocht. Doe't it tsjerkhôf fol rekke, waard in nij begraafplak ynrjochte yn in part fan de Asserbosk. It begraafplak is ienfâldich in opset en ynspirearre op it tsjerkhôf fan Auwerk. Oan de ein fan de middenleane stiet in baarhúske. Fan 1823 ôf oan wurdt der op it Noarderbegraafplak beïerdige.

It begraafplak waard al gau te lyts, yn 1892 waard yn in oar part fan de bosk it Suderbegraafplak oanlein. Yn 1944 waard it Noarderbegraafplak foar in part restaurearre. Der wurde tsjintwurdich gjin nije grêven útjûn. Oant 1955 koe men in hiergrêf krije, begrave kin no allinne noch yn 'e eigen grêven.

Ryksmonumint It hôf is sels gjin ryksmonumint. It tagongsstek út 1859, makke troch izerjitterij Nering Bögel út Dimter, is wol in ryksmonumint. Twa oaren binne de troch de Asser IJzergieterij getten grêfmonuminten Van Bulderen (1872) en Brumsteede (1881).

Beïerdige bekende persoanen Isaäc Collard (1774-1828), boargemaster Sibrand Gratama (1784-1858), boargemaster, presidint fan de rjochtbank Hermanus Hartogh Heijs van Zouteveen (1841-1891), wittenskipper en publisist Petrus Hofstede (1755-1839), gûverneur fan Drinte Hendrik Jan Nassau (1791-1873), rektor en skoalopsjenner Harm van Riel (1907-1980), foaroansteand VVD-er Albert Smallenbroek (1880-1959), arsjitekt Wilhemmina Jacoba Pelinck-Zijnen de Gier (1872-1934). Sy yntrodusearre de poppesoarch yn Drinte.

Fotogalery

Publikaasje Bertus Boivin, Lukas Kwant en Jan Lagendijk: Voor deez’ aard verloren. De Noorderbegraafplaats in Assen / Bertus Boivin, Lukas Kwant en Jan Lagendijk. Assen, Koninklijke van Gorcum, 2021.

Kategory:Assen Kategory:Begraafplak yn Drinte Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1822