|}Adolf Dirk Coenraad van der Voort van Zijp (Klambir Lima Nederlânsk Ynje, 1 septimber 1892 - Monako Monako, 8 maart 1978) wie in Nederlânsk legeroffisier en hynstesporter.

Sportkarriêre Hy die twa kear mei oan de Olympyske Simmerspullen (yn 1924 en 1928). Hy waard yn Parys en Amsterdam Olympysk kampioen mei it Nederlânske eventing team, yndividueel waard hy yn Parys Olympysk kampioen.

Militêre karriêre Van der Voort fan Zijp wie krekt as al syn teamgenoaten beropsmilitêr. By syn earste Spullen wie er luitenant by it Twadde Regiment Huzaren. Uteinlik soe er it bringe ta ynspekteur fan 'e kavalery. Yn maaie 1940 focht er op de Grebbeberch. Yn de rest fan de Twadde Wrâldkriich wie er kriichsfinzene.

Dolf van der Voort van Zijp ferstoar op 8 maart 1978, yn 'e âldens fan 85 jier.

Kategory:Nederlânsk hynstesporter Kategory:Nederlânsk Olympysk kampioen Kategory:Nederlânsk militêr yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Nederlânsk kriichsfinzene Kategory:Nederlânsk ofsier Kategory:Persoan berne yn 1892 Kategory:Persoan stoarn yn 1978