José Navarro Morenés (Madrid, 8 desimber 1897 - dêre, 13 desimber 1974) wie in Spaansk hynstesporter en militêr ofsier.

Sportkarriêre Hy die trije kear mei oan de Olympyske Simmerspullen (yn 1924, 1928 en 1948). Hy waard yn Amsterdam Olympysk kampioen mei it Spaanske spring team, mar leafst tweintich jier letter yn Londen, want yn 1932 stjoerde Spanje gjin ruters nei de Spullen, yn 1936 wie Spanje ôfwêzich fanwegen de Spaanske Boargeroarloch en 1940 en 1944 waarden skrast fanwegen de Twadde Wrâldkriich, wûn er mei it team in sulveren medalje.

José Navarro Morenés ferstoar op 13 desimber 1974, yn 'e âldens fan 77 jier.

Kategory:Spaansk hynstesporter Kategory:Spaansk Olympysk kampioen Kategory:Spaansk ofsier Kategory:Persoan berne yn 1897 Kategory:Persoan stoarn yn 1974