Gerard Pieter de Kruijff (Buren, 27 jannewaris 1890 - Dimter, 16 oktober 1968) wie in Nederlânsk legeroffisier en hynstesporter.

Sportkarriêre Hy die twa kear mei oan de Olympyske Simmerspullen (yn 1924 en 1928). Hy waard yn Parys en Amsterdam Olympysk kampioen mei it Nederlânske eventing team, yn Amsterdam wûn er yndividueel in sulveren medalje by it eventing efter Charles Pahud de Mortanges. Op dyselde spullen die er ek mei oan it springen. Mei it Nederlânske spring team helle er in 10e plak en yn de yndividuele wedstriid waard er 27ste.

Gerard de Kruijff ferstoar op 16 oktober 1968, yn 'e âldens fan 78 jier.

Kategory:Nederlânsk hynstesporter Kategory:Nederlânsk Olympysk kampioen Kategory:Nederlânsk ofsier Kategory:Persoan berne yn 1890 Kategory:Persoan stoarn yn 1968