Florence Isabel (Jane) Bell (Toronto, 2 juny 1910 - Fort Myers Feriene Steaten, 1 july 1998) wie in Kanadeesk sprintster.
Sy die yn 1928 ienris mei oan de Olympyske Simmerpullen. Sy waard yn Amsterdam Olympysk kampioene op de 4x100 meter estafette mei Fanny Rosenfeld, Ethel Smith en Myrtle Cook.
Nei de Olympyske Spullen fan 1928 studearre se oan de Margaret Eaton School foar famkes. Doe't se yn 1930 ôfstudearre oan Margaret Eaton, waard se learares lichaamlike opfieding, wêrtroch't se profesjoneel waard en har atletykkarriêre einige. Nei har houlik fêstige se har yn'e Feriene Steaten en waard úteinlik Amerikaansk steatsboarger. Jane Bell ferstoar op 1 july 1998, yn 'e âldens fan 88 jier.
Kategory:Kanadeesk sprinter Kategory:Kanadeesk Olympysk kampioen Kategory:Kanadeesk ûnderwizer Kategory:Amerikaansk ûnderwizer Kategory:Amerikaansk persoan fan Kanadeesk komôf Kategory:Persoan berne yn 1910 Kategory:Persoan stoarn yn 1998