Percy Alfred Williams (Vancouver, 19 maaie 1908 - Dêre, 29 novimber 1982) wie in Kanadeesk sprinter.

Hy die twa kear mei oan de Olympyske Simmerpullen (yn 1928 en 1932). Hy waard yn Amsterdam Olympysk kampioen op de 100 meter yn in tiid fan 10.8 sekonden twa dagen letter op 1 augustus waard er mei in tiid fan 10.8 sekonden ek Olympysk kampioen op de 200 meter.

Williams waard letter fersekeringsagint, hy libbe tegearre mei syn mem, oant sy yn 1980 ferstoar. Dêrnei wie er allinnich en krige er lêst fan artritis. Percy Williams ferstoar op 29 novimber 1982, yn 'e âldens fan 74 jier.

Kategory:Kanadeesk sprinter Kategory:Kanadeesk Olympysk kampioen Kategory:Kanadeesk assuradeur Kategory:Persoan berne yn 1908 Kategory:Persoan stoarn yn 1982