Harry Edvin (Harri) Larva Berne as Lagerström (Turku, 9 septimber 1906 - Dêre, 15 novimber 1980) wie in Finsk middellange-ôfstânsdraver.
Harri wizige syn famyljenamme yn 1928 fan Lagerström nei Larva om't de foarsitter fan de Finske atletykbûn Urho Kekkonen fûn dat Lagerström net Finsk genôch klonk. Hy die twa kear mei oan de Olympyske Simmerpullen (yn 1928 en 1932). Hy waard yn Amsterdam Olympysk kampioen op de 1500 meter mei in Olympysk rekôr fan 3:53.2 minuten.
Yn syn deistich libben wie Larva graveur. Harry Larva ferstoar op 15 novimber 1980, yn 'e âldens fan 74 jier.
Kategory:Finsk middellange-ôfstânsdraver Kategory:Finsk Olympysk kampioen Kategory:Finsk persoan fan Sweedsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1906 Kategory:Persoan stoarn yn 1980