Toivo Aarne Loukola (Kortesjärvi, 2 oktober 1902 - Helsinki, 10 jannewaris 1984) wie in Finsk lange-ôfstânsdraver.
Hy die yn 1928 ienris mei oan de Olympyske Simmerpullen. Hy waard yn Amsterdam Olympysk kampioen, op de 3000 meter steeplechase mei in wrâldrekôr fan 9:21.8 minuten.
Loukola wie yn syn deistich libben wurksum as plysjeman. Tovio Loukola ferstoar op 10 jannewaris 1984, yn 'e âldens fan 81 jier.
Kategory:Finsk lange-ôfstânsdraver Kategory:Finsk Olympysk kampioen Kategory:Finsk plysjeman Kategory:Persoan berne yn 1902 Kategory:Persoan stoarn yn 1984