Edward Barton (Ed) Hamm (Lonoke, 13 april 1906 - Albany (Oregon), 25 juny 1982) wie in Amerikaansk fierspringer.

Hy die yn 1928 ienris mei oan de Olympyske Simmerpullen. Hy waard yn Amsterdam Olympysk kampioen by it fierspringen mei in ôfstân fan 7.73 meter.

Nei syn ôfstudearjen yn 1928 wie er inkelde jierren de atletyktrainer, mar letter waard er manager by Coca-Cola. Ed Hamm ferstoar op 25 juny 1982, yn 'e âldens fan 76 jier.

Kategory:Amerikaansk fierspringer Kategory:Amerikaansk Olympysk kampioen Kategory:Persoan berne yn 1906 Kategory:Persoan stoarn yn 1982