Robert Wade (Bob) King (Los Angeles, 20 juny 1906 - Walnut Creek, 29 july 1965) wie in Amerikaansk heechspringer.

Hy die yn 1928 ienris mei oan de Olympyske Simmerpullen. Hy waard yn Amsterdam Olympysk kampioen by it heechspringen mei in hichte fan 1,94 meter, yn in wedstriid dy't mar leafst fiif oeren duorre. Robert Wade King ferstoar op 29 july 1965, yn 'e âldens fan 59 jier.

Kategory:Amerikaansk heechspringer Kategory:Amerikaansk Olympysk kampioen Kategory:Persoan berne yn 1906 Kategory:Persoan stoarn yn 1965