Frederick Pitt (Fred) Alderman (East Lansing, 24 juny 1905 - Social Circle, 15 septimber 1998) wie in Amerikaansk hurdrinner.
Hy die yn 1928 ienris mei oan de Olympyske Simmerpullen. Hy waard yn Amsterdam Olympysk kampioen, op de 4x400 meter estafette mei George Baird, Emerson Spencer en Ray Barbuti yn in wrâldrekôr fan 3:14.2. Fred Alderman ferstoar op 15 septimber 1998, yn 'e âldens fan 93 jier.
Kategory:Amerikaansk sprinter Kategory:Amerikaansk Olympysk kampioen Kategory:Persoan berne yn 1905 Kategory:Persoan stoarn yn 1998