Raymond James (Ray) Barbuti (New York, 12 juny 1905 - Pittsfield, 8 july 1988) wie in Amerikaansk hurdrinner.
Hy die yn 1928 ienris mei oan de Olympyske Simmerpullen. Hy waard yn Amsterdam Olympysk kampioen, op de 400 meter yn in tiid fan 47.8 sekonden. Twa dagen letter wûn er mei George Baird, Fred Alderman en Emerson Spencer de 4x400 meter estafette yn in wrâldrekôr fan 3:14.2. Ray Barbuti ferstoar op 8 july 1988, yn 'e âldens fan 83 jier.
Kategory:Amerikaansk sprinter Kategory:Amerikaansk Olympysk kampioen Kategory:Persoan berne yn 1905 Kategory:Persoan stoarn yn 1988