Myrtle Alice Cook (Toronto, 5 jannewaris 1902 - Centre Wellington, 18 maart 1985) wie in Kanadeesk sprintster.

Sy die yn 1928 ienris mei oan de Olympyske Simmerpullen. Sy waard yn Amsterdam Olympysk kampioene op de 4x100 meter estafette mei Fanny Rosenfeld, Ethel Smith en Jane Bell.

Yn april 1929 ferhuze Cook nei Montreal en wurke dêr as sportkollumniste foar de Montréal Daily Star, dêr't se 44 jier lang foar skreau. Myrtle Cook ferstoar op 18 maart 1985, yn 'e âldens fan 83 jier.

Kategory:Kanadeesk sprinter Kategory:Kanadeesk Olympysk kampioen Kategory:Persoan berne yn 1902 Kategory:Persoan stoarn yn 1985