György Kutasi (Fiume, 16 septimber 1910 - Melbourne Austraalje, 29 juny 1977) wie in Hongaarsk wetterpoloër.
Hy die yn 1936 ienris mei oan de Olympyske Simmerpullen. Hy waard yn Berlyn Olympysk kampioen mei it Hongaarske team, hy spile mar ien wedstriid op 9 augustus tsjin Malta dy't mei 12-0 wûn waard troch de Hongaren. Hy waard ek Europeesk kampioen op de Europeeske kampioenskippen fan 1934 mei it Hongaarske team. Nei de Twadde Wrâldkriich emigrearre Kutasi nei Austraalje. György Kutasi ferstoar op 29 juny 1977, yn 'e âldens fan 66 jier.
Kategory:Hongaarsk wetterpoloër Kategory:Hongaarsk Olympysk kampioen Kategory:Australysk persoan fan Hongaarsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1910 Kategory:Persoan stoarn yn 1977