Mór Miklós Sárkány (Bûdapest, 15 augustus 1908 - Wenen Eastenryk, 20 desimber 1998) wie in Hongaarsk wetterpoloër.

Hy die trije kear mei it Europeeske kampioenskip en twa kear oan de Olympyske Simmerspullen (yn 1932 en 1936). Hy waard by dizze kampioenskippen trije kear Europeesk kampioen en twa kear Olympysk kampioen Hy spile yn Los Angeles ien wedstriid en yn Berlyn spile hy trije wedstriden.

Nei de Twadde Wrâldkriich gie Sárkány as trainer oan it wurk. Yn 1958 gie er nei Dútslân en wie trainer fan it West-Dútske wetterpoloteam fan 1968 oant 1973, wêrnei't er yn Wenen te wenjen gien is. Miklós Sárkány ferstoar op 20 desimber 1998, yn 'e âldens fan 90 jier.

Kategory:Hongaarsk wetterpoloër Kategory:Hongaarsk Olympysk kampioen Kategory:Hongaarsk wetterpolotrainer Kategory:Eastenryksk persoan fan Hongaarsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1908 Kategory:Persoan stoarn yn 1998