Lauri Koskela (Lapua, 16 maaie 1907 - Leningrad (oblast) Sovjet-Uny, 3 augustus 1944) wie in Finsk wrakselder.

Hy die fjouwer kear mei it Europeeske kampioenskip en twa kear oan de Olympyske Simmerspullen (yn 1932 en 1936). Hy waard yn 1936 Olympysk kampioen by it Gryksk-Romeinsk wrakseljen yn de klasse oant 66 kg, yn 1932 wûn er brûns yn de klasse oant 61 kg. Hy waard trije kear Europeesk kampioen.

Lauri Koskela sneuvele op 3 augustus 1944, yn 'e âldens fan 37 jier yn de Ferfolchkriich.

Kategory:Finsk wrakselder Kategory:Finsk Olympysk kampioen Kategory:Finsk soldaat Kategory:Finsk militêr yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Persoan dy't omkommen is yn in oarlochssitewaasje op lân Kategory:Persoan berne yn 1907 Kategory:Persoan stoarn yn 1944