De Nylgoes (Alopochen aegyptiaca) of de Egyptyske goes is in fûgelsoarte út de famylje einfûgels Anatidae. Oarspronklik komt de Nylgoes foar yn Afrika besuden de Sahara, mar tsjintwurdich komt de fûgel ek yn grutte oantallen yn Belgje, Denemark, Dútslân, Grut-Brittanje, Frankryk, Nederlân en Sweden foar. De soarte is net skou en is ek regelmjittich yn stedsparken of op grienfoarsjennings oan wetter te sjen.

Beskriuwing thumb|left|Nylgoes yn Dútslân. Nylguozzen binne 63 oant 73 sm lang en ha in gewicht fan likernôch 2,5 kg. Mantsjes en wyfkes binne wat fearrekleed oanbelanget lyk oaninoar. Se krije de folwoeksen kleuren as se fjouwer oant fiif moanne âld binne.

Dan binne de plakken om it each en op it boarst hielendal ûntwikkele. De fûgels ha relatyf hege, bleekreade poarten, in bleekreade snaffel en in griene wjukspegel.

Fersprieding It oarspronklike ferspriedingsgebiet fan 'e soarte leit yn Afrika, fral besuden de Sahara en yn 'e delling fan 'e Nyl. It leefgebiet leit oan marren, sompen, rivieren.

Sûnt de jierren 1960 hat de soarte in populaasje op it Europeeske fêstelân. Foar dy tiid wiene der ek al briedgefallen yn Ingelân, mar ûntsnapte sierfûgels wisten sûnt de jierren 1960 yn Nederlân te brieden. As eksoat komt de fûgel hjoed-de-dei yn in grut part fan West-Europa foar. Dêrnjonken binne der ek net-lânseigen populaasjes yn Israel, Palestina en Jordaanje en yn de Feriene Arabyske Emiraten en Oman.

Yn Nederlân briedt de fûgel sûnt 1967 by De Haach, letter ek by Grins en yn it rivieregebiet. Sûnt 1980 groeide it ferspriedingsgebiet fan 'e soarte nei de rest fan it lân. Nei Nederlân waarden ek Belgje, Lúksemboarch, Dútslân, noardlik Frankryk, Denemark en súdlik Sweden kolonisearre. Dêrby spilen de grutte rivieren in grutte rol. Hjoed-de-dei lizze de grutste konsintraasjes fan 'e fûgels yn ús lân yn 'e Rânestêd en it rivieregebiet. Sovon rûst it oantal Nederlânske briedpearen op 7.700-13.000 (2018-2020). It oantal oerwinterjende Nylguozzen berrint yn 'e tsientûzenen. De groei fan 'e oantallen is nei de tige flugge groei al wat oan it ôfflakken. Dat hat ek te meitsjen mei it tastean fan it ôfsjitten fan in oantal fûgels yn guon provinsjes.

Nylguozzen binne hast yn hiel Fryslân te sjen.

Gedrach thumb|left|Pearke mei piken. De reintiid foarmet it begjin fan it briedseizoen. Yn it westen en suden fan Afrika falt dat briedseizoen yn 'e moannen juny oant en mei septimber. Yn Kenia briedt de soarte it hiele jier troch. Se binne tige territoariaal en ferneare gjin oare einen yn it territoarium. It komt de fûgels net sa krekt wat de lokaasje fan it nêst oanbelanget. Se wurde tusken rotsen of tusken it reid boud, mar likegoed yn beamholtes. Ek stelle se de nêsten fan oare gruttere fûgels en se binne sels net te benaud om rôffûgels oan te fallen. Beide skaaien briede en beide âlders soargje foar it grutbringen fan 'e piken.

Se ite sied, blêd, gers en panten. Ut en troch frette se ek wringeleaze dieren.

Status Nylguozzen ha in grut ferspriedingsgebiet. Yn it oarspronklike ferspriedingsgebiet liket de populaasje ôf te nimmen. Der wurdt yn Afrika in soad op 'e fûgel jage. Yn Europa nimme de oantallen ta en wurdt it ferspriedingsgebiet grutter.

De Nylgoes wurdt op 'e Reade list fan 'e IUCN as net bedrige klassifisearre.

Keppeling om utens Birdlife, oproppen 8 febrewaris 2025. IUCN, oproppen 8 febrewaris 2025. Ebird, oproppen 8 febrewaris 2025. Fûgelbeskerming, oproppen 8 febrewaris 2025.

Kategory:Goes (fûgel) Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Foksgoes Kategory:Lânseigen fauna yn Angoala Kategory:Lânseigen fauna yn Benyn Kategory:Lânseigen fauna yn Boerkina Faso Kategory:Lânseigen fauna yn Boerûndy Kategory:Lânseigen fauna yn Botswana Kategory:Lânseigen fauna yn Dzjibûty Kategory:Lânseigen fauna yn Egypte Kategory:Lânseigen fauna yn Eritreä Kategory:Lânseigen fauna yn Etioopje Kategory:Lânseigen fauna yn Gambia Kategory:Lânseigen fauna yn Gana Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee-Bissau Kategory:Lânseigen fauna yn Ivoarkust Kategory:Lânseigen fauna yn Kameroen Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Lesoto Kategory:Lânseigen fauna yn Malawy Kategory:Lânseigen fauna yn Maly Kategory:Lânseigen fauna yn Mauretaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Mozambyk Kategory:Lânseigen fauna yn Namybje Kategory:Lânseigen fauna yn Nigearia Kategory:Lânseigen fauna yn Niger Kategory:Lânseigen fauna yn Rûanda Kategory:Lânseigen fauna yn Sambia Kategory:Lânseigen fauna yn Senegal Kategory:Lânseigen fauna yn Simbabwe Kategory:Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk Kategory:Lânseigen fauna yn Somaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Afrika Kategory:Lânseigen fauna yn Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Swazylân Kategory:Lânseigen fauna yn Tanzania Kategory:Lânseigen fauna yn Togo Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjaad Kategory:Lânseigen fauna yn Uganda Kategory:Eksoat yn Belgje Kategory:Eksoat yn Denemark Kategory:Eksoat yn Dútslân Kategory:Eksoat yn de Feriene Arabyske Emiraten Kategory:Eksoat yn Frankryk Kategory:Eksoat yn Fryslân Kategory:Eksoat yn Ingelân Kategory:Eksoat yn Israel Kategory:Eksoat yn Jordaanje Kategory:Eksoat yn Lúksemboarch (lân) Kategory:Eksoat yn Nederlân Kategory:Eksoat yn Oman Kategory:Eksoat yn Palestina Kategory:Eksoat yn Sweden Kategory:Eksoat yn Switserlân