De lytse Madagaskargoes (Alopochen sirabensis) is in útstoarne fûgel fan it skaai foksguozzen (Alopochen) út de famylje einfûgels (Anatidae). De soarte wie endemysk op it eilân Madagaskar en waard oan 'e hân fan fossilen beskreaun, dy't yn Antsirabe yn Sintraal-Madagaskar fûn waarden. De fûgel wie besibbe oan 'e noch besteande Nylgoes, dy't in grut ferspriedingsgebiet hat yn Afrika, en de ek útstoarne Mauritsiusgoes en Reüniongoes fan 'e Maskarenen.
De oarsaak fan it útstjerren fan 'e Lytse Madagaskargoes is ûnbekend. Der binne mear fynsten fan subfossilen dien. By Beloha waarden bonken fûn dy't nei koalstofdatearing op it jier 1390 (+/− 90 jier) datearre wurde. Dúdlik is dat de fûgel eartiids op in grut part fan it eilân libbe en dat de soarte noch libbe doe't de earste minsken op Madagaskar oankamen.
Kategory:Goes (fûgel) Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Foksgoes Kategory:Lânseigen fauna yn Madagaskar Kategory:Utstoarne fûgel Kategory:Bist útstoarn yn it Holoseen Kategory:Fossyl yn Madagaskar