Martin Emmett Toppino (New Orleans, 1 july 1909 - dêre, 8 septimber 1971) wie in Amerikaansk atleet.

Hy die yn 1932 ienris mei oan de Olympyske Simmerpullen. Hy waard yn Los Angeles Olympysk kampioen, op de 4x100 meter estafette mei Robert Kiesel, Hector Dyer en Frank Wykoff.

Emmett Toppino helle yn 1933 syn master yn skiekunde. Nei syn ôfstudearjen wurke er koart foar in oaljemaatskippij as ûndersyksgemikus en hie dêrnei in lange karriêre by in fabrikant fan skuon. Emmett Toppino ferstoar op 8 septimber 1971, yn 'e âldens fan 62 jier.

Kategory:Amerikaansk sprinter Kategory:Amerikaansk Olympysk kampioen Kategory:Amerikaansk skiekundige Kategory:Persoan berne yn 1909 Kategory:Persoan stoarn yn 1971