Ivan William Fuqua (Decatur, 9 augustus 1909 - Raleigh, 14 jannewaris 1994) wie in Amerikaansk hurdrinner.

Hy die yn 1932 ienris mei oan de Olympyske Simmerpullen. Hy waard yn Los Angeles Olympysk kampioen, op de 4x400 meter estafette mei Edgar Ablowich, Karl Warner en Bill Carr yn in wrâldrekôr fan 3.08,2.

Nei syn ôfstudearjen waard Fukwa atletyktrainer oan de Universiteit fan Connecticut. Hy gie yn de Twadde Wrâldkriich yn tsjinst by de marine. Hy ferliet yn 1946 de marine, dêrnei wie er oant 1973 wer wurksum as trainer. Letter waard er mei-eigener fan in strânklup yn Rhode Island. Ivan Fuqua ferstoar op 14 jannewaris 1994, yn 'e âldens fan 84 jier.

Kategory:Amerikaansk sprinter Kategory:Amerikaansk Olympysk kampioen Kategory:Amerikaansk matroas (militêr) Kategory:Amerikaansk militêr yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Amerikaansk atletyktrainer Kategory:Amerikaansk ûndernimmer Kategory:Persoan berne yn 1909 Kategory:Persoan stoarn yn 1994