Thomas Edward (Eddie) Tolan, Jr. (Denver, 29 septimber 1908 - Detroit, 31 jannewaris 1967) wie in Amerikaansk atleet.
Hy die yn 1932 ienris mei oan de Olympyske Simmerpullen. Hy waard yn Los Angeles twafâldich Olympysk kampioen, op de 100 meter in in wrâldrekôr fan 10,3 sekonden en twa dagen letter op de 200 meter rûn hy in Olympysk rekôr fan 21,2.
Nei it beëinigjen fan syn sportkarriêre wurke Tolan û.o. as klerk by it register fan eigendomsakten fan ûnreplik goed yn Detroit en as gymnastyklearaar. Eddie Tolan ferstoar op 31 jannewaris 1967, yn 'e âldens fan 58 jier.
Kategory:Amerikaansk sprinter Kategory:Amerikaansk Olympysk kampioen Kategory:Amerikaansk sporter fan Afro-Amerikaansk komôf Kategory:Amerikaansk administratyf meiwurker Kategory:Amerikaansk ûnderwizer Kategory:Persoan berne yn 1908 Kategory:Persoan stoarn yn 1967