Luigi Beccali (Milaan, 19 novimber 1907 - Rapallo, 29 augustus 1990) wie in Italjaanske atleet.

Hy die trije kear mei oan de Olympyske Simmerpullen (yn 1928 1932 en 1936). Hy waard yn Los Angeles ienris Olympysk kampioen op de 1500 meter yn Olympysk rekôf fan 3.51,2. Fjouwer jier letter yn Berlyn wûn hy in brûnzen medalje.

Beccali dy't by de gemeente wurksum wie yn it ûnderhâld fan diken trainde twa kear deis. Hy ferhuze nei de Feriene Steaten en beëinige syn hurdrinkarriêre yn 1941, wêrnei't er wynhanneler waard. Luigi Beccali ferstoar op [29 augustus 1990, yn 'e âldens fan 82 jier yn in fakânsje yn Itaalje ta gefolch fan longoedeem.

Kategory:Italjaansk atleet Kategory:Italjaansk Olympysk kampioen Kategory:Italjaansk amtner Kategory:Italjaansk ûndernimmer Kategory:Persoan berne yn 1907 Kategory:Persoan stoarn yn 1990