No Time to Die is in Britsk-Amerikaanske spionaazje-aksjefilm út 2021 ûnder rezjy fan Cary Joji Fukunaga, mei yn 'e haadrollen Daniel Craig as geheim agint James Bond en Léa Seydoux as Bond girl Madeleine Swann. De titel betsjut "Gjin Tiid om te Stjerren". De personaazjes binne basearre op 'e romansearje fan Ian Fleming, mar de plot fan 'e film is folslein orizjineel. De ûnderwilens pinsjonearre Bond wurdt diskear troch de Amerikaanske ynljochtingetsjinst CIA belutsen by in syktocht nei in wittenskipper dy't út in geheim laboratoarium ûntfierd is mei de technology om miljarden minsken om hals te bringen. It ûndersyk bringt Bond yn kontakt mei syn eardere wurkjouwer, de Britske geheime tsjinst MI6, en teffens mei syn grutte mar ferlerne leafde, dokter Madeleine Swann.

No Time to Die wie it fiifentweintichste diel út James Bond-filmsearje en folge as sadanich op Spectre (2015). It wie teffens de lêste fan 'e fiif James Bond-films mei Craig yn 'e haadrol. De titelsong fan 'e film, No Time to Die, songen troch Billie Eilish, waard in grutte hit. It liet waard in jier earder útbrocht as de film, wêrfan't de premiêre opholden waard troch swierrichheden y.f.m. de koroanapandemy. Fan 'e filmkritisy krige No Time to Die oer it algemien positive resinsjes. Yn 'e bioskopen brocht de film gâns jild op, mar wie it lykwols gjin grut kommersjeel súkses om't der sa'n reuseftich marketingbudget brûkt wie. De film wûn in Oscar, in Golden Globe, in Grammy, in BAFTA en in Screen Actors Guild Award.

Plot As Madeleine Swann in jier as tolve is, kringt op in winterdei in maskere frjemdling har âldershûs op it plattelân fan Noarwegen binnen. Hy seit tsjin har mem dat har man, Madeleine har heit, dy't hiermoardner foar it misdiesyndikaat Spectre fan gangster Ernst Stavro Blofeld is, syn hiele famylje fermoarde hat. Hysels is de iennichste oerlibbene en hy is kommen om wraak te nimmen. Dêrop sjit er har mem foar de eagen fan Madeleine dea. As er ek efter har oan komt, bewapenet se har mei ien fan har heite pistoalen en sjit sy him del. Hy blykt lykwols in kûgelfrij fest te dragen en wurdt wekker wylst se wat se mient dat syn lyk is, nei bûten ta sleept. Madeleine naait út oer it iis fan in beferzen mar, dat lykwols te tin is, sadat se dertroch sakket. De maskere frjemdling, dy't har efternei kommen is, komt ympulsyf ta ynkear as er har ûnder it iis sjocht. Hy sjit it iis stikken en helpt har út it wjek te klimmen.

In jier as tweintich letter hat Madeleine in relaasje krigen mei James Bond, in spion foar de Britske geheime tsjinst MI6. Dyselde is nei de arrestaasje fan syn aartsfijân Blofeld (sjoch: Spectre) mei pinsjoen gien om mei Madeleine in nij libben op te bouwen. Se reizgje nei Matera, yn súdlik Itaalje, dêr't sy him bepraat om 'e grêftombe fan syn âlde leafde Vesper Lynd te besykjen, dat er it ferline loslitte kin. Wannear't Bond dêr yndie hinne giet, oerlibbet er mar kwealk in bomoanslach as de grêftombe fol eksplosiven blykt te lizzen. Neitiid wurdt er efterfolge troch in hiel legerke kriminelen fan Spectre, oanfierd troch in hierling mei in keunsteach dy't Primo hjit. Bond ûntsnapt, mar om't er wit dat Madeleine geheimen foar him hat, fermoedet er dat sy him ferret hat en dat se him yn 'e fâle rinne litte woe troch him mei opsetsin nei de grêftombe te stjoeren wêrfan't se wist dat dy fol springstof lei. Madeleine ûntstriidt dat, mar Bond leaut har net, set har op 'e trein en ferbrekt harren relaasje.

Fiif jier letter wurdt de oerrûne Russyske wittenskipper Valdo Obrûtsjev mei grou geweld út in geheim Britsk oerheidslaboratoarium ûntfierd troch in team fan Spectre ûnder lieding fan Primo. Dyselden binne stjoerd om Project Heracles te stellen, in programmearber biowapen besteande út nanorobots dy't it minsklik DNA oanfalle. Dat topgeheime projekt stiet ûnder tafersjoch fan M, de sjef fan MI6. De opdracht foar de operaasje fan Spectre komt fan Blofeld, dy't it slagget om út syn finzenissel yn Belmarsh Prison wei syn lieding fan it misdiesyndikaat fuort te setten. Wat Blofeld lykwols net wit, is dat Obrûtsjev yn it geheim wurket foar in trêde partij, in rivalisearjend misdiesyndikaat dat laat wurdt troch de lichaamlik skeinde en geastlik steurde fergittiger Ljûtsifer Safin. Wannear't Spectre neitiid fertrout op it wurk fan Obrûtsjev om Project Heracles te aktivearjen, sabotearret hy de boel yn opdracht fan Safin troch it wapen tsjin oare DNA-sekwinsjes te rjochtsjen as dêr't Primo him opdracht ta jûn hat.

Underwilens libbet Bond in weromlutsen bestean op Jamaika, dêr't er opsocht wurdt troch syn âlde freon, spesjaal agint Felix Leiter fan 'e Amerikaanske ynljochtingetsjinst CIA. De Amerikanen hawwe lucht krigen fan 'e wraam fan Spectre op it geheime laboratoarium, mar MI6 wegeret om oer dy kwestje fierders iepenheid fan saken te jaan. Dêrom hat de CIA in eigen operaasje op poaten set om derefter te kommen wat de Britten by de ein hawwe. Om't de Amerikanen har bemuoie mei de saken fan harren nauste bûnsgenoat, leit it allegearre hiel gefoelich, en dêrom hat Leiter in fertsjintwurdiger fan it Amerikaansk Ministearje fan Bûtenlânske Saken op sleeptou, in Logan Ash, dy't it algemien tafersjoch oer de operaasje hat. Ut ûndersyk is bleken dat Obrûtsjev him yn Kuba befynt. Leiter en Ash wolle dat Bond dêr yn opdracht foar de CIA ynfiltrearret en de wittenskipper ûntfierd sadat sy dy ûnderfreegje kinne. Bond fielt dêr earst neat foar, mar wannear't er troch de swarte Nomi, syn plakferfangster as geheim agint 007 fan MI6, warskôge wurdt om him net mei de saak te bemuoien, wurdt er dwers en seit er Leiter syn help ta.

Bond bejout him nei Santiago de Cuba, dêr't er mei de jonge Kubaanse Paloma, in aginte foar de CIA, in feest ynfiltrearret dêr't alle wichtige leden fan Spectre oanwêzich binne. It docht bliken dat it hiele barren ek bywenne wurdt troch Blofeld fanút syn sel yn Londen, fia it bioanyske each fan Primo. De oankomst fan Bond is net ûnferwachte: it blykt in fâle te wêzen. Midden op 'e dûnsflier wurdt in dize fan nanorobots sproeid, yn 'e ferwachting dat Bond dêrtroch stjerre sil. Troch Obrûtsjev syn tadwaan is lykwols net Bond syn DNA it doelwyt fan 'e nanorobots, mar it DNA fan 'e hegere leden fan Spectre. Wylst dyselden om Bond hinne dea delfalle as miggen, besiket Nomi, dy't ek nei Santiago de Cuba reizge is, om mei Obrûtsjev út te naaien. Mei de help fan Paloma wit Bond ôf te weven mei Primo en de sljochtwei trewanten fan Spectre, dy't net oantaast wurde troch de nanorobots. Dêrnei is er Nomi te fluch ôf en wit er mei Obrûtsjev út Kuba te ûntkommen yn Nomi har eigen wetterfleantúch.

Hy bringt de wittenskipper nei in fiskersboat yn 'e Golf fan Meksiko, mei as doel om him danich oan 'e tosk te fielen oer wat er útheefd hat. It docht lykwols bliken dat Logan Ash in agint fan 'e organisaasje fan Safin is. Hy sjit Leiter del en wit Bond nei in fjochtpartij mei de ferwûne CIA-agint yn 'e masinekeamer op te sluten. Hy pleatst ûnder de wetterline springstofladings op 'e romp fan it skip en spilet dan mei Obrûtsjev fan ruten. Leiter beswykt oan syn wûnen, mar Bond wit út 'e sinkende fiskersboat te ûntkommen, en wurdt letter oppikt troch in passearjend skip.

Bond keart werom nei Londen, dêr't er by MI6 freget om mei Blofeld prate te meien. Hy kriget te hearren dat de gangster inkeld mei syn psychiater prate wol of mei, en dat is nimmen oars as dokter Madeleine Swann. M besiket om Bond bûten de saak te hâlden, mar mei de help fan 'e geniale útfiner Q en Moneypenny, de sekretaresse fan M, ûntdekt Bond wat Obrûtsjev no eins by de ein hie. Underwilens kriget Swann yn har praktyk in nije pasjint, Ljûtsifer Safin, dy't him foar har oer identifisearret as de moardner fan har mem en de rêder fan har libben troch har it stikken masker sjen te litten dat er al dy jierren lyn droech. Hy jout har in lyts fleske mei rûkersguod dat se opdwaan moat as se de earstfolgjende kear Blofeld yn 'e finzenis besiket. Mei't se begrypt dat er har brûke wol om Blofeld út 'e ljochten te helpen, seit se dat der nimmen is dy't er bedriigje kin om har dêrta te twingen, mei't der nimmen mear oer is fan wa't se hâldt. Safin antwurdet dat it hiel drôf wêze soe as dat sa wie, mar dat se allebeide wol witte dat it in leagen is.

Mei tsjinnichheid docht Madeleine it rûkersguod op har polzen foar't se in moeting mei Blofeld hat. Under begelieding fan Nomi en fan Tanner, de stêfsjef fan M, mei ek Bond by dat petear oanwêzich wêze. Madeleine betinkt har op it lêste stuit en easket oerstjoer om derút litten te wurden. Bond grypt har by ien fan har polzen en ynfektearret himsels sa ûngemurken mei it tsjin Blofeld syn DNA rjochte biowapen dat Obrûtsjev foar Safin ûntwikkele hat. Wannear't Blofeld by it folgjende petear spultsjes mei him besiket te spyljen, rekket Bond op in stuit sa breinroer, dat er de man by de kiel grypt mei deselde hân dy't Madeleine har pols oanrekke hat. Fan gefolgen falt it biowapen Blofeld syn DNA oan dat er it bestjert. Neitiid jout Bond, by wize fan betankje foar de geunst dy't MI6 him ferliend hat, oan Nomi de namme fan Logan Ash troch.

Madeleine is nei har ôfsetten út 'e finzenis weiwurden, mar Bond bringt himsels te binnen dat se him ris oer har âldershûs yn Noarwegen ferteld hat. Hy reizget dêrhinne en treft dêr net inkeld Madeleine oan, mar ek har fiifjierrige dochter. Nettsjinsteande it feit dat Madeleine dat ûntstriidt, leaut Bond dat hysels de heit fan it famke is. Madeleine lit him de dossiers sjen dy't har heit oer de famylje fan Safin oanlein hie en Bond jout dy ynformaasje troch oan MI6. Hy en Madeleine fermoedsoenje har mei-inoar en reitsje tegearre op bêd. De oare moarns skillet MI6 op mei it berjocht dat it haadkertier fan Safin lokalisearre is op in eilantsje yn 'e Koerilen, dêr't sawol troch Japan as troch Ruslân oanspraak op makke wurdt. Nomi is ûnderwilens Logan Ash op it spoar, dy't him oan 'e westkust fan Noarwegen befynt. Mei't dat ek is wêr't Madeleine har âldershûs stiet, beseft Bond dat Ash efter Madeleine oan komt.

Mei Madeleine en Mathilde besiket er te ûntkommen, mar Ash en syn trewanten sitte harren al rillegau op 'e hakken. Bond, Madeleine en Mathilde sykje beskûl yn in nullewâld yn 'e neite fan it hûs, dêr't Bond ôfweeft mei de trewanten fan Ash. Hy wreket de moard op Felix Leiter troch Ash te ferpletterjen ûnder in kantele auto. Underwilens wurde Madeleine en Mathilde, dy't er efterlitten hie yn in âld jagershutte, lykwols finzen nommen troch Safin. Dyselde fiert harren ôf yn syn helikopter, dêr't er Bond it neisjen mei jout. Bond wurdt net folle letter oppikt troch Nomi, mei wa't er fan in Noarske loftmachtbasis yn in transportfleantúch fan MI6 nei it Fiere Easten fljocht.

Q foarsjocht Bond en Nomi fan in sweeffleantúch dat ek de wjukken opteare en yn in ûnderseeër feroarje kin. Dêrmei ynfiltrearje de beide geheim aginten it haadkertier fan Safin, dat in nanorobotfabryk blykt te wêzen. De sljochtsinnige Safin hat nammentlik plannen om hiele etnyske groepen út te rûgjen om gjin oare reden as dat dy lju sels graach stjerre wolle soene. Hy sjocht himsels as in soarte fan libbene god dy't de wrâld ferlosse moat. Bond besiket Mathilde út syn kloeren te rêden, mar Safin wit mei it famke te ûntkommen, hoewol't er har letter ynienen ympulsyf wer gean lit. Underwilens is Madeleine oan 'e bewekking troch Primo ûntkommen en hja jout har by Bond. Tegearre fine se Mathilde werom. Nomi deadet Obrûtsjev troch him yn in sâltsoerbassin te skoppen nei't er drige hat alle Westafrikanen (wêrûnder sysels) út te rûgjen.