De griiskopgoes (Chloephaga poliocephala) is in fûgelsoarte út de famylje fan 'e einfûgels (Anatidae). De fûgel is ien fan 'e fiif soarten yn it skaai Súdamerikaanske guozzen. De griiskopgoes is monotypysk.

Skaaimerken De griiskopgoes wurdt tusken 50 oant 60 sm lang. Mantsjes wege tusken 1.62 oant 2.27 kg en wyfkes tusken 1.47 en 1.49 kg. Folwoeksen mantsjes en wyfkes ha itselde fearrekleed. Se ha in grize nekke en kop en de boppebealch en it boarst binne kastanjebrún mei in fyn streekjespatroan. De flanken binne swart en wyt en de búk is wyt. Yn 'e flecht is op de swart mei wite wjukken in glânzgjende griene spegel te sjen. Se ha in swarte snaffel en de poaten binne oranje mei swarte dielen.

De juvenilen binne doffer fan kleur en se ha in brúneftige spegel.

Fersprieding thumb|left|Fûgels yn Argentynje. Griiskopguozzen komme yn it suden fan Súd-Amearika foar. De soarte is ek as dwaalgast waarnommen op 'e Falklâneilannen en hat dêr ek bret. Simmerdeis libbet de fûgel op iepen plakken yn bûkebosken om marren en sompen, op greiden yn it binnenlân, tichteby de kust en op hegere gebieten. Winterdeis jout de soarte in foarkar oan greidelân.

Se briede yn it suden fan Sily en de westlike râne fan Argentynje. In grut part fan 'e populaasje trekt yn 'e winter fierder nei it noarden fan Sily en nei de Argentynske pampa's.

Gedrach De soarte is hast hielendal herbivoar. In stúdzje oer it dieet fan 'e fûgel toande oan dat se winterdeis yn Argentynje fral ite sykje op stoppellân nei sied fan mais of sinneblommen en nôt. Ut in oare stúdzje die bliken dat de fûgels simmerdeis yn Fjoerlân blêd en sêfte fruchten frette, fral fan 'e Empetrum rubrum (reade kraaiheide).

Se begjinne tusken oktober en novimber te brieden en yn guon gebieten noch letter. Se briede net yn koloanjes en de nêsten wurde yn in beamholte, op stobben of tusken lang gers boud en ôfset mei dûns. In lechsel bestiet út fjouwer oant seis aaien. Mantsjes beweitsje it wyfke yn 'e ynkubaasjetiid, dy't 30 dagen duorret.

Status Griiskopguozzen ha in grut ferspriedingsgebiet en oannommen wurdt dat de populaasje stabyl is, alhoewol't in rûzing fan 'e oantallen ûntbrekt. Der binne gjin direkte bedrigings bekend. Winterwaarnimmingen yn it noardeasten fan Argentynje suggerearren in oantal dêr fan 150.000. De soarte is relatyf frij fan ferfolging troch minsken yn harren briedgebiet, mar wurdt winterdeis troch boeren ferfolge om 't dy de fûgels as in konkurrint fan harren fee beskôgje.

De IUCN klassifisearret de fûgel as net bedrige, mar neffens in rûzing fan Wetlands International fan 2023 soe de populaasje bestean út 16.700 oant 66.700 folwoeksen fûgels en nimme de oantallen ôf.

Keppeling om utens BirdLife, oproppen 10 febrewaris 2025. IUCN, oproppen 10 febrewaris 2025. Ebird, oproppen 10 febrewaris 2025. Avibase, oproppen 10 febrewaris 2025.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Súdamerikaanske goes Kategory:Lânseigen fauna yn Argentynje Kategory:Lânseigen fauna yn Sily