Juan Carlos Zabala Boyer (Rosario, 11 oktober 1911 - Buenos Aires, 24 jannewaris 1983) wie in Argentynsk atleet.

Hy die twa kear mei oan de Olympyske Simmerpullen (yn 1932 en 1936). Hy waard yn Los Angeles Olympysk kampioen, op de maraton mei in Olympysk rekôr fan 2:31.36,0. Fjouwer jier letter yn Berlyn wist Zabala de finish fan de maraton net te heljen, en waard hy sechsde op de 10.000 meter. Juan Carlos Zabala ferstoar op 24 jannewaris 1983, yn 'e âldens fan 71 jier.

Kategory:Argentynsk maratondraver Kategory:Argentynsk Olympysk kampioen Kategory:Persoan berne yn 1911 Kategory:Persoan stoarn yn 1983