Chuhei Nambu (Sapporo, 24 maaie 1904 - Osaka, 23 july 1997) wie in Japansk atleet.

Hy die twa kear mei oan de Olympyske Simmerpullen (yn 1928 en 1932). Hy waard yn Los Angeles olympysk kampioen by it hink-stap-springen mei in wrâldrekôr fan 15,72 meter, twa dagen earder hie hy by it fierspringen mei 7,45 meter de brûnzen medalje wûn. Twa jier nei de Olympyske Spullen yn Los Angeles blessearre Nanbu syn achillespees en moast er ophâlde mei sporten op wedstriidnivo.

Nei syn sportkarriêre wurke Nambu as sportsjoernalist foar de Mainichi Shimbun. Ek waard er trainer fan it Japanske atletykbûn en wie bûnscoach fan de Japanske Olympyske ploech op de Olympyske Spullen fan 1964 yn Tokio. Ed Nambu ferstoar op 23 july 1997 yn 'e âldens fan 93 jier, oan de gefolgen fan in longûntstekking.

Kategory:Japansk hink-stap-springer Kategory:Japansk fierspringer Kategory:Japansk Olympysk kampioen Kategory:Japansk atletyktrainer Kategory:Japansk sportbestjoerder Kategory:Japansk sjoernalist Kategory:Persoan berne yn 1904 Kategory:Persoan stoarn yn 1997