Janusz Tadeusz Kusociński (Warsjau, 15 jannewaris 1907 - Palmiry, 21 juny 1940) wie in Poalsk atleet.

Hy die yn 1932 ienris mei oan de Olympyske Simmerpullen. Hy waard yn Los Angeles Olympysk kampioen, op de 10.000 meter yn in Olympysk rekôr fan 30.11,4. Hy krige lykwols nea de kâns syn titel te ferdigenjen. thumb|left|200px|Grêf fan Janusz Kusociński op it earehôf by Palmiry Yn de Twadde Wrâldkriich tsjinne Kusociński by it Poalske leger en rekke oant twa kear ta ferwûne. Nei syn werstel wie er aktyf yn it Poalske ferset yn de Dútske besetting. Op 26 maart 1940 waard er troch de Gestapo oppakt en finzen set yn de Mokotówfinzenis. Trije moanne letter wie er ien fan de promininte Poalen dy't troch de Dútsers yn it Kampinosbosk by Palmiry fusillearre waard. Janusz Kusociński ferstoar op 21 juny 1940, yn 'e âldens fan 33 jier.

Kategory:Poalsk lange-ôfstânsdraver Kategory:Poalsk Olympysk kampioen Kategory:Poalsk soldaat Kategory:Poalsk militêr yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Poalsk fersetsstrider yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Persoan dy't stânrjochtlik eksekutearre is Kategory:Persoan berne yn 1907 Kategory:Persoan stoarn yn 1940