De Alaskawrotmûs (wittenskiplike namme: Microtus miurus) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e wrotmûseftigen (Cricetidea) en it skaai fan 'e fjildmûzen (Microtus), dat lânseigen is yn Alaska en de oangrinzgjende dielen fan noardwestlik Kanada. It is in middelgrutte wrotmûs dy't sawol oerdeis as nachts aktyf is en de winter trochbringt yn in eigengroeven hoale. De Alaskawrotmûs is in herbivoar dy't net inkeld ûndergrûnsk itensfoarrieden oanleit, mar ek sels hea makket troch gers bûtendoar drûgje te litten. Nettsjinsteande de hege breedtegraad fan syn ferspriedingsgebiet hâldt dit bist gjin wintersliep. De IUCN klassifisearret de Alaskawrotmûs as net bedrige.
Fersprieding De Alaskawrotmûs komt, sa't de namme fan dit bist al oanjout, benammen foar yn 'e Amerikaanske steat Alaska. Syn ferspriedingsgebiet is dêr lykwols beheind ta Súdlik Sintraal-Alaska, ynkl. it Kenaiskiereilân dat útstiket yn 'e Golf fan Alaska, en fierders it Binnenlân fan Alaska (minus it súdwesten en westen), it Sewardskiereilân oan 'e kust fan 'e Beringsee, en it súdlike diel fan 'e Noarderbedelte. It ferspriedingsgebiet omfettet dêrmei ek it hege Brooksberchtme, dat it Binnenlân fan Alaska skiedt fan 'e Noarderbedelte. De Alaskawrotmûs ûntbrekt lykwols yn Súdeast-Alaska, yn 'e Yukon-Kuskokwimdelta, oan 'e kust fan 'e Beaufortsee yn it noarden, op it Alaskaskiereilân en op 'e Aleoeten, de Kodiakeilannen en oare eilannen.
It ferspriedingsgebiet fan 'e Alaskawrotmûs wreidet him út oant oer de eastgrins fan Alaska, nei it noardwesten fan Kanada ta, mar hoefier't it dêr trochrint is noch net alhiel dúdlik. Yn elts gefal komt dit bist foar yn 'e noardlike helte fan it Kanadeeske territoarium Yukon en teffens yn in relatyf smelle stripe by de Alaskaanske grins lâns yn 'e súdlike helte fan itselde territoarium. Wierskynlik libbet er ek yn in lyts diel fan it noardwesten fan 'e Noardwestlike Territoaria.
Evolúsje De Alaskawrotmûs is bekend fan fossilen út 'e omkriten fan Fairbanks (Alaska), dy't tebekgeane oant it Mid-Pleistoseen, sa'n 300.000 jier ferlyn. Yn 'e iistiden fan it Let-Pleistoseen wie it ferspriedingsgebiet fan dit bist folle grutter. It bewiis dêrfoar wurdt foarme troch fossilen dy't oantroffen binne op folle súdliker breedtegraden, oant yn Iowa (dat doe nei alle gedachten itselde klimaat hie as Alaska no). De neiste sibbe dy't de Alaskawrotmûs yn Alaska hat, is de eilânwrotmûs (Microtus abbreviatus), dy't foarkomt op 'e eilannen St. Matthew en Hall yn 'e Beringsee. It tinken mank saakkundigen is dat de beide soarten útinoar groeid binne nei't de eilannen troch it stigende seenivo ôfsnien waarden fan 'e Beringlânbrêge.
Uterlike skaaimerken De Alaskawrotmûs hat trochinoar in kop-romplingte fan 9–16 sm, mei in sturtlingte fan 11/2–4 sm. It gewicht kin útinoar rinne fan 11–60 g, ôfhinklik fan 'e âldens en it resinte dieet fan it oangeande eksimplaar. Alaskawrotmûzen kinne fan oanbuorjende besibbe soarten fjildmûzen (Microtus) ûnderskaat wurde troch harren koartere sturt en de kleur fan har ûnderlichem.
Der bestiet gjin ferskil tusken de geslachten wat lichemsgrutte of kleur oanbelanget. De earkes binne koart en wurde faak alhiel ferburgen troch de pels. Dy is sêft en ticht, fral by 't winter. Fan kleur fariëarje Alaskawrotmûzen fan ljochtbrún oant ljochtgriis, mei bêzjeeftige plakken dy't fan 'e basis fan 'e earen oer de siden oan 'e stuten ta rinne. De bealch is bêzje of oker. Winterdeis is de pels grizer fan kleur en by 't simmer is er bruner. De poatsjes hawwe skerpe, smelle klauwen, dy't ek wer fierhinne troch de útsteande pels ferburgen wurde.
Mantsjes hawwe talchklieren op har siden, dy't se brûke foar it efterlitten fan rookflaggen. By guon molkeprodusearjende wyfkes binne deselde klieren opmurken. De penis is by Alaskawrotmûsmantsjes relatyf lang en smel, mei in komplekse penisbonke.
Biotoop Alaskawrotmûzen komme benammen foar op 'e toendra boppe de noardlike beamgrins. Se mije de ekstreemste habitats yn dat gebiet en jouwe de foarkar oan iepen, goed ôfwettere berchskeanten en púnskeanten dy't wielderich begroeid binne mei strewelleguod en siggen.
Hâlden en dragen Yn it Ingelsk wurdt de Alaskawrotmûs de singing vole ("sjongende wrotmûs") neamd fanwegen syn alaarmrop, in heechtoanich fibrearjend lûd, dat ornaris makke wurdt by de yngong fan 'e hoale wei. Hoewol't se gjin wiere koloanjes foarmje, hawwe Alaskawrotmûzen dochs teminsten in semy-koloniale libbenswize, mei't se harren eigengroeven hoalen diele mei famyljeleden. It binne bisten sûnder dúdlike foarkar foar in beskaat deidiel, en se binne sadwaande sawol oerdeis as nachts aktyf. Se meitsje rillen troch de fegetaasje dy't as paden tsjinje fan fêste foerazjearplakken nei de yngongen fan 'e hoale. Harren rillen binne lykwols net sa maklik werom te kennen as dy fan oare soarten fjildmûzen.
De hoale sels bestiet út in stikmannich 'keamers', wêrfan't it meastepart brûkt wurdt om itensfoarrieden foar de winter op te slaan. De 'keamers' wurde ferbûn troch tige krappe gongen mei in diameter fan trochinoar sa'n 21/2 sm. Se wurde mei opsetsin sa krap holden, mei't dat it hiel dreech makket foar sels sokke linige jagers as wezelingen om 'e hoale binnen te kringen. De hoalen komme, mei troch de permafrost op 'e toendra, net djipper as 20 sm. Se wreidzje har ek mar komselden mear as 1 m út by in yngong wei.
De peartiid falt foar de Alaskawrotmûs fan maaie oant septimber, en yn dy snuorje kin elts wyfke wol 3 smeten jongen produsearje. De draachtiid duorret 21 dagen, wêrnei't der 6–14, mar trochinoar 8 jongen te wrâld komme. Om't it wyfke mar 8 oeren hat, is it ûnwierskynlik dat mear as 8 jongen oerlibje sille. De jongen weagje by de berte 2–2,8 g en groeie de earste trije wiken tige fluch. Mei 4 wiken wurde se ôfwûn en dan is de mem mei-iens wer tyldriftich. De wyfkes binne oer it generaal pas yn har twadde jier geslachtsryp, mar de mantsjes kinne al in moanne nei de berte oan 'e fuortplanting dielnimme. Yn it wyld is de libbensferwachting fan Alaskawrotmûzen tige leech en oerlibbet de mearderheid de earste winter net iens. Yn finzenskip libje se trochinoar 10 moanne, mei in maksimum fan rom 2 jier en 2 moanne.
Fretten De Alaskawrotmûs is in herbivoar, waans menu foar it meastepart bestiet út lupine, readskonk, blaugerzen, rûgebal en wylch. It iten dat dit bistke net daliks bepluzet, nimt er mei werom nei syn hoale om it op te slaan foar de winter. Dat dogge oare soarten wrotmûzen ek. Mar unyk foar de Alaskawrotmûs is dat er dêrnjonken ek sels hea makket. Dat docht er troch fan augustus ôf steapeltsjes ôfbiten stâlen en blêden te meitsjen op rotsen, leechhingjende tûken en bleatlizzende woartels. Sokke steapeltsjes kinne útgroeie ta oansjenlike grutte, mei dokumintearre útsjitters oant wol 50 sm heech. Troch oanhâldende bleatstelling oan 'e sinneskyn en oan waar en wyn yn it algemien feroaret it gers meitiid út himsels yn hea. Soks foarmet winterdeis in boarne fan streksum iten, ynsafier't de heabulten tsjin dy tiid net al fûn en lytsman makke binne troch oare bisten.
Natuerlike fijannen De wichtichste natuerlike fijannen fan 'e Alaskawrotmûs binne de warch (Gulo gulo), de poalfoks (Vulpes lagopus), de harmeling (Mustela erminea), de wezeling (Mustela nivalis), en fierders skraitsen, haukfûgels en ûlen.
Status De Alaskawrotmûs hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen.
Undersoarten Der binne 4 (stân fan saken yn 2024) erkende ûndersoarten fan 'e Alaskawrotmûs (Microtus miurus): M. m. cantator (it easten fan Súdlik Sintraal-Alaska en it suden fan it Binnenlân fan Alaska en de Yukon) M. m. miuriei (it westen fan Súdlik Sintraal-Alaska en it súdwesten fan it Binnenlân fan Alaska) M. m. miurus (it Kenaiskiereilân) M. m. oreas (it noarden fan it Binnenlân fan Alaska, it Sewardskiereilân, de Noarderbedelte en it noarden fan 'e Yukon)
Kategory:Sûchdieresoarte Kategory:Fjildmûs Kategory:Lânseigen fauna yn Alaska Kategory:Lânseigen fauna yn Kanada