De spoarwjukgoes (Plectropterus gambensis) is in fûgelsoarte út de famylje fan 'e einfûgels (Anatidae). De fûgel is de iennige soarte yn it skaai.

Skaaimerken thumb|left|Spoarwjukguozzen fan 'e ûndersoart P. gambensis gambensis. De spoarwjukgoes hat syn namme te tankjen oan 'e spoaren oan 'e wjukken. Mantsjes binne grutter as wyfkjes. De fûgels wege trochstrings 5,5 kg. Se ha boppedat in reade bult op 'e snaffel en foarholle. Aldere fûgels ha boppedat neakene reade dielen oan 'e hals.

Juvenilen binne bruner en glânzgje minder as folwoeksen fûgels.

Fersprieding Spoarwjukguozzen libje yn in grut part fan Afrika besuden de Sahara. De fûgels binne ôfhinklik fan wetter en yn gebieten dêr't it drûch west hat binne de populaasjes, mar yn Súd-Afrika profitearre de fûgel fan it oanlizzen fan opslachmarren yn lânbougebieten.

Se binne te finen yn en by grutte rivieren en sompen, ynlânske marren mei in soad begroeiing en opslachmarren. Se ite de griene dielen en it sied fan in soad wetterplanten.

De briedtiid hinget fan 'e reintiid ôf en se bouwe in hiel ienfâldich nêst, dat bestiet út in djippe holte dy't it wyfke útgraaft. De fûgel kin syn nêst fûl ferdigenje, dêr't er de spoaren oan 'e wjukken by brûkt. It nêst bestiet út seis oant tsien krêmkleurige aaien. De piken komme nei in briedtiid fan 30 oant 32 dagen út. It hat bliken dien dat de piken allinnich troch it wyfke fersoarge wurde.

Undersoarten De spoarwjukgoes is yn twa ûndersoarten ferdield:

Plectropterus gambensis gambensis Plectropterus gambensis niger

De ûndersoarten ûnderskiede harren fan inoar troch de swartwite ferdieling fan 'e fearren.

Ofbyld Undersoarte Beskriuwing Fersprieding 120pxP. g. gambensis (Linnaeus, 1766) De nominaatfoarm hat folle mear wyt op 'e búk en flanken. Fan Gambia oant Etioopje en nei it suden ta oant Angoala en Mozambyk. 120px P. g. niger (Sclater, 1877) Hat allinne in smelle wite búkstreek. Súd fan 'e Sambezy rivier yn Namybje, Simbabwe, Súd-Afrika.

Status De fûgel stiet op 'e Reade list fan 'e IUCN as net bedrige klassifisearre. Fernieling fan biotoop en eigenwillige jacht foarmje bedrigingen foar de soarte.

Keppeling om utens Birdlife, oproppen 9 febrewaris 2025. IUCN, oproppen 9 febrewaris 2025. Ebird, oproppen 9 febrewaris 2025. Avibase, oproppen 9 febrewaris 2025.

Kategory:Goes (fûgel) Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Spoarwjukgoes Kategory:Lânseigen fauna yn Angoala Kategory:Lânseigen fauna yn Benyn Kategory:Lânseigen fauna yn Boerkina Faso Kategory:Lânseigen fauna yn Boerûndy Kategory:Lânseigen fauna yn Botswana Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwatoriaal-Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Etioopje Kategory:Lânseigen fauna yn Gabon Kategory:Lânseigen fauna yn Gambia Kategory:Lânseigen fauna yn Gana Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee-Bissau Kategory:Lânseigen fauna yn Ivoarkust Kategory:Lânseigen fauna yn Kameroen Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Lesoto Kategory:Lânseigen fauna yn Libearia Kategory:Lânseigen fauna yn Malawy Kategory:Lânseigen fauna yn Maly Kategory:Lânseigen fauna yn Mauretaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Mozambyk Kategory:Lânseigen fauna yn Namybje Kategory:Lânseigen fauna yn Nigearia Kategory:Lânseigen fauna yn Niger Kategory:Lânseigen fauna yn Rûanda Kategory:Lânseigen fauna yn Sambia Kategory:Lânseigen fauna yn Senegal Kategory:Lânseigen fauna yn Sierra Leöane Kategory:Lânseigen fauna yn Simbabwe Kategory:Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Afrika Kategory:Lânseigen fauna yn Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Swazylân Kategory:Lânseigen fauna yn Tanzania Kategory:Lânseigen fauna yn Togo Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjaad Kategory:Lânseigen fauna yn Uganda