Sándor Gyula Tarics (Bûdapest, 23 septimber 1913 - Belvedere, Feriene Steaten, 21 maaie 2016) wie in Hongaarsk wetterpoloër.
Hy die yn 1936 ienris mei oan de Olympyske Simmerpullen. Hy waard yn Berlyn Olympysk kampioen mei it Hongaarske team, hy spile twa wedstriden.
Yn 1948 ferhuze hy nei de Feriene Steaten om les te jaan yn boukunde, dêr waard er professor as boukundich yngenieur en spesjalist op it mêd fan ierdbevingen. Tarics wie fan it ferstjerren fan de Italjaanske hurdfytser Attilio Pavesi yn 2011 ôf de âldste libjende olympyske kampioen.Sándor Tarics ferstoar op 21 maaie 2016, yn 'e âldens fan 102 jier.
Kategory:Hongaarsk wetterpoloër Kategory:Hongaarsk Olympysk kampioen Kategory:Hongaarsk yngenieur Kategory:Hongaarsk heechlearaar Kategory:Amerikaansk yngenieur Kategory:Amerikaansk heechlearaar Kategory:Amerikaansk persoan fan Hongaarsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1913 Kategory:Persoan stoarn yn 2016