In opstekker of lantearne-opstekker is in persoan dy't de eartiids noch op gas of oalje wurkjende strjitlantearnen oanstuts mei help fan in ljedder of in lange stôk.
De opstekker hie yn in soad doarpen ek de rol fan wachter, omdat er jûns (by tsjuster), yn de doarpen of stêden op paad wie.
Trochdat hieltyd mear plakken fan gasljocht oergiene op it elektrisiteitsnet is it berop lantearne-opstekker stadichoan útstoarn.
Guon stêden hâlde lykwols fêst oan de tradysje om toerisme oan te lûken. Dat binne ûnder oare Zagreb, Kroaasje, Wroclaw, Poalen en Brest, Wyt-Ruslân.
De lêste opstekker fan Nederlân gie yn Haarlim yn 1957 mei pinsjoen.
Galery
Kategory:Histoarysk berop