István Molnár (Galanta, 5 jannewaris 1913 - Bûdapest, 1 july 1983) wie in Hongaarsk wetterpoloër.
Hy die yn 1936 ienris mei oan de Olympyske Simmerpullen. Hy waard yn Berlyn Olympysk kampioen mei it Hongaarske team, hy spile mar ien wedstriid op 9 augustus tsjin Malta dy't mei 12-0 wûn waard troch de Hongaren. Hy waard ek Europeesk kampioen op de Europeeske kampioenskippen fan 1938 mei it Hongaarske team.
Nei de Twadde Wrâldkriich wie er dosint en trainer, fan 1953 oant syn dea wurke er as omropper yn it Népstadion yn Bûdapest István Molnár ferstoar op 1 july 1983, yn 'e âldens fan 70 jier.
Kategory:Hongaarsk wetterpoloër Kategory:Hongaarsk Olympysk kampioen Kategory:Hongaarsk ûnderwizer Kategory:Hongaarsk wetterpolotrainer Kategory:Persoan berne yn 1913 Kategory:Persoan stoarn yn 1983