thumb| Flagge fan Arum De flagge fan Arum is de flagge fan it doarp Arum, yn de Fryske gemeente Súdwest-Fryslân. De flagge waard yn 1969 registrearre.
It ûntwerp is fan Klaas Sierksma.
By gemeentlik beslút fan 19 april 1955 is in flagge fêststeld foar de 27 doarpen fan de eardere gemeente Wûnseradiel.
Beskriuwing De beskriuwing fan de flagge is:
Besteande út trije fertikale banen yn it giel-read-swart. Oan de mêstside de fersmelle flagge fan Wûnseradiel.
De kleuren komme út it wapen fan Arum.
Symbolyk
Fersmelle flagge: flagge fan Wûnseradiel, de gritenij en gemeente dêr't it doarp eartiidsk part fan wie.
Sjoch ek
Arum Kategory:Arum