thumb| Flagge fan Minnertsgea De flagge fan Minnertsgea is de flagge fan it doarp Minnertsgea, yn de Fryske gemeente De Waadhoeke. De flagge waard yn 2003 registrearre.

It ûntwerp is fan R.J. Broersma.

Beskriuwing De beskriuwing fan de flagge is:

Fiif lingtebanen, blau, giel, grien, wyt en blau, yn in ferhâlding fan 1:1:2:1:1; in reade broekingstrijehoeke, mei de punt op it flaggemidden; de broekingstrijehoeke belein mei in giele nôtskeaf.

De kleuren komme út it wapen fan Minnertsgea.

Symbolyk

Kleurstelling: oernommen fan de flaggen fan Barradiel en It Bilt, de gritenijen en gemeenten wêr't it doarp eartiidsk part fan wie. Broekingstrijehoeke: read kleure om oan te jaan dat it doarp "nij" wie binnen de gemeente It Bilt. Nôtskeaf: oernommen út it wapen fan Barradiel.

Sjoch ek

Minnertsgea Kategory:Minnertsgea