thumb| Flagge fan Achlum De flagge fan Achlum is de flagge fan it doarp Achlum, yn de Fryske gemeente De Waadhoeke. De flagge waard yn 2016 registrearre.

Beskriuwing De beskriuwing fan de flagge is:

In broeking, mei in breedte fan 1/3 flaggelingte, yn trije horizontale banen giel, grien en giel, yn de ferhâlding 2:1:2; yn de broektop in reade klok en yn de broekhoeke in read weintsjil mei acht speaken; de flecht yn trije horizontale banen grien, giel en grien, yn de ferhâlding 2:1:2.

De kleuren komme út it wapen fan Achlum.

Symbolyk Giele baan: oernommen út it wapen fan Frjentsjerteradiel en ferwizing nei de Slachte. Griene banen: ferwize nei de griene omkriten fan it doarp en it keatsfjild yn' e midden fan it doarp. Klok: ferwiist nei de Marijeklok fan Achlum. Dit wie de lytste fan de trije klokken dy't yn it klokhûs hingen. Dit klokhûs is ferdwûn en de Marijeklok is oerbrocht nei it Frysk Skipfeart Museum yn Snits. Weintsjil: oernommen út it wapen fan de famylje Van Offenhuysen dy't in stins noardlik fan it doarp bewenne. Ek ferwiist it weintsjil nei it agraryske karakter fan it doarp.

Sjoch ek

Achlum Kategory:Achlum