thumb| Flagge fan Westein De flagge fan Westein is de flagge fan de buert Westein, yn de stêd Ljouwert, yn de Fryske gemeente Ljouwert. De flagge waard yn 1997 registrearre as de flagge fan de Wykferiening Westein en omkriten.
It ûntwerp is fan R.J. Broersma.
Skiednis De flagge is basearre op âldere foarstellen foar Ljouwerter wykferieningen, nammenlik de de flagge fan Ljouwert (stêd) mei in reade hijs as symboal foar de bebouwing, belein mei eleminten dy't kenmerkend binne foar de buert.
Beskriuwing De beskriuwing fan de flagge is:
Fjouwer like hege banen, blau, giel, blau en giel; in reade hijs fan 1/3 flaggelingte mei dêryn in wite guozzefear, pleatst folgens de diagonaal loftsboppe-rjochtsûnder. De fear yn de hijs loftsûnder beselskippe troch in wite inktpot fan 1/6 flaggehichte.
De kleuren komme út it wapen fan Eastergoa.
Symbolyk Blau, giele banen: flagge fan Ljouwert, de stêd dêr't de buert Westein yn leit. Kleurstelling hijs: oernommen út it wapen fan Eastergoa, Ljouwert wie eartiidsk it haadplak fan Eastergoa. Gouzzefear en inktpot: ferwize nei de strjitnammen fan de buert, de strjitten yn de buert binne fernaam nei skriuwers en dichters.
Sjoch ek
Westein Kategory:Ljouwert