thumb| Wapen fan Friens It wapen fan Friens is it wapen fan it doarp Friens, yn de Fryske gemeente Ljouwert. It wapen waard yn 1986 registrearre.
Beskriuwing De blazoenearring fan it wapen is:
Yn sulver twa griene kneppels, skean oer elkoar hinne, dêrboppe en dêrûnder in reade roas.
De heraldyske kleuren binne: sulver, sinopel (grien) en kiel (read).
Symbolyk
Kneppels: oernommen út it wapen fan de famylje Van Beslinga dy't de Beslingastate yn it doarp bewenne. Roazen: oernommen út it wapen fan de famylje Van Sytzama, dy't ek de Beslingastate bewenne hat.
Sjoch ek
Friens Kategory:Friens