De grutte katten (wittenskiplike namme: Pantherinae) foarmje in ûnderfamylje fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), it ûnderskift fan 'e katdieren (Feliformia), de boppefamylje fan 'e echte katdieren (Feloidea) en de famylje fan 'e kateftigen (Felidae). Ta dizze ûnderfamylje hearre sân libbene soarten kateftigen, wêrûnder de liuw (Panthera leo) en de tiger (Panthera tigris). De namme 'grutte katten' ferwiist nei de tsjinstelling mei de oare ûnderfamylje fan libbene kateftigen, de lytse katten (Felinae). De beide ûnderfamyljes spjalten har likernôch 11,5 miljoen jier lyn faninoar ôf.

Skaaien De grutte katten wurde opdield yn twa skaaien: de dizepanters (Neofelis) en panters (Panthera). It snieloaihoars (Panthera uncia, foarh. Uncia uncia) waard foarhinne ûnderbrocht yn in trêde, monotypysk skaai, dat fan 'e sniepanters (Uncia), mar ûndersiken nei it DNA fan dat bist út 2004 en 2008 brochten oan it ljocht dat it snieloaihoars eins by de panters yndield wurde moat.

Skaaimerken Yn it foarste plak ûnderskiede de grutte katten har fan 'e lytse katten (Felinae) troch in grutter lichem. Yn ferhâlding ta guon soarte lytse katten, lykas de hûskat (Felis catus), is dat tige dúdlik, en ek mei bgl. de lynks (Lynx lynx) is it ferskil oansjenlik. Mar it ferskil mei de poema (Puma concolor) en it jachtloaihoars (Acinonyx jubatus), dy't ek ta de lytse katten rekkene wurde, is minder opfallend. In poema en in jagûar (Panthera onca), dy't ta grutte katten heart, binne fan ferlykbere grutte. It ferskil yn grutte tusken de poema en de liuw (Panthera leo) of de tiger (Panthera tigris) is dan wol wer dúdlik.

Behalven troch har grutte ûnderskiede de grutte katten har ek fan 'e lytse katten troch in robúster stal, in krêftiger kop en in sterker gebit. Fierders is by harren de tongbonke net folslein ossifisearre (ta bonke wurden). In diel fan 'e tongbonke bestiet allinnich mar út in piis, wat de strôtbal gruttere mobiliteit jout. Troch it útrekken fan dy piis kinne grutte katten de efterkant fan 'e bek folle grutter meitsje as lytse katten kinne. Dat feit en de struktuer fan 'e tongbonke makket it foar harren mooglik om te brullen. Dat is in fermogen dat lytse katten net hawwe, en teffens ûntbrekt it by it snieloahoars (Panthera uncia) en de dizepanters (Neofelis), hoewol't dy wol ta de grutte katten rekkene wurde.

Underfamylje-opbou

ûnderfamylje grutte katten (Pantherinae) skaai dizepanters of dizeloaihoarsen (Neofelis) dizepanter of dizeloaihoars (Neofelis nebulosa) Sûndaneeske dizepanter of Sûndalânpanter (Neofelis diardi) skaai panters of loaihoarsen (Panthera) âldere hoaleliuw (Panthera fossilis) † Amerikaanske liuw of Amerikaanske hoaleliuw (Panthera atrox) † hoaleliuw of Jeraziatyske hoaleliuw (Panthera spelaea) † Jeropeeske jagûar (Panthera gombaszoegensis) † jagûar (Panthera onca) liuw (Panthera leo) loaihoars of panter (Panthera pardus) snieloaihoars of sniepanter (Panthera uncia, foarhinne Uncia uncia) tiger (Panthera tigris)

Kategory:Kateftige