thumb| Flagge fan De Tynje De flagge fan De Tynje is de flagge fan it doarp De Tynje, yn de Fryske gemeente Opsterlân. De flagge waard yn 1994 registrearre.

It ûntwerp is fan J.C. Terluin.

Beskriuwing De beskriuwing fan de flagge is:

In reade hijs fan 1/3 flaggehichte, mei yn de broektop in giel pompeblêd fan 1/3 flaggehichte; de flecht links-skean fan wyt en grien, belein mei sân skeanbalken fan it iene yn it oare.

De kleuren komme út it wapen fan De Tynje.

Symbolyk

Griene en wite skeanbalken: ferwize nei de omkriten fan it doarp mei trekgatten en lisikkers dêr't wûne turf op lein waard om te drûgjen. Reade hijs: ferwiist nei it doarp dy't opriist út it wiete feangebiet. Dielline: ferbyldet nei de haadwei troch it doarp. Pompeblêd: ferwiist nei it grutte oantal wetters yn de omkriten fan it doarp.

Sjoch ek

Tinje, De Kategory:De Tynje