thumb| Wapen fan Aldehaske It wapen fan Aldehaske is it wapen fan it doarp Aldehaske, yn de Fryske gemeente De Fryske Marren. It wapen waard yn 1989 registrearre.
Beskriuwing De balzoenearring fan it wapen is:
Fan sinopel, belein mei in bargekop fan goud; en in weagjend skyldhaad fan sulver, dêrop in springende hazze fan kiel, oan beide siden beselskippe fan in turf fan sabel.
De heraldyske kleuren binne: sinopel (grien), goud, sulver, kiel (read) en sabel (swart).
Symbolyk
Sulveren skyldhaad: de weagjende râne ferwiist nei it Nannewiid. Reade hazze: ferwiist nei it part "haske" fan de plaknamme, "haske" ferwiist nei hazze. Swarte turven: ferwize nei de eardere feanterij yn de omkriten fan it doarp. Bargekop: oernommen út in rymke: "Yn'e Haske hinget in baarch yn'e beam".
Sjoch ek
Aldehaske Kategory:Aldehaske